|
Article on other languages:
|
Ruslân, offisjeel Russyske Federaasje, is it grutste lân yn 'e wrâld, en leit foar in part yn Jeropa en foar in part yn Aazje. De haadstêd is Moskou en de presidint fan de federaasje is sûnt 2008 Dmitri Medvedev. De eardere presidint Vladimir Poetin is tsjintwurdich premier. Ruslân wurdt begrinzge troch:
Bestjoerlike yndielingSûnt 1992 omfet de Russyske Federaasje 89 gebieten mei in ferskaat oan status, te witten:
De selsstannige republiken fan Ruslân beskôgje harren somtiids as soeverein (ûnder mear Tatarstan) of sels as ûnôfhinklik (Tsjetsjeenje). Fierders kinne de grondgebieten fan dizze ienheden inoar oerlaapje. Sa lizze nasjonale regio's meastentiids op it grûngebiet fan in oblast. Sûnt 2000 bestiet tusken al dizze regio's en it nasjonale nivo in tuskenlaach fan sân federale distrikten (federalnyj okroeg). It sintrale regear yn Moskou hat him ta doel steld om it oantal dielgebieten nei likernôch 50 tebek te bringen. De offisjele taal yn al dizze gebieten is it Russysk, mar dêrnjonken wurde ek talleaze tige útinoar rinnende talen sprutsen. Guon fan dy talen fungearje yn selsstannige republiken as de lokale fiertaal neist it Russysk. Ekstra |
||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||||
This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.