Napels (stêd)

Article on other languages:

del.icio.us del.icio.us
Digg Digg
Furl Furl
Reddit Reddit
Rojo Rojo
Add to OnlyWire
Napels en de Fesuvius 2003

Napels (Italjaansk: Napoli; Napolitaansk: Napule) is de tredde stêd fan Itaalje, en de grutste fan Mezzogiorno (Súd-Itaalje). Napels is ek haadstêd fan de Kampanje (Campania) en fan de provinsje Napels. Yn en om de stêd hinne wenje sa'n 3 miljoen minsken.

Napels beskikt oer in rike skiednis, keunst en kultuer, in wrâldferneamde keuken en in eigen dialekt, it Napolitaansk.

Lizzing

Napels leit oan see, oan de Golf fan Napels. Fan de stêd ôf kin men oer it wetter de fulkaan de Fesuvius lizzen sjen, dêr't oan de foet de ruïnes fan Pompei en Herkulaneum lizze.

Ferneamde keuken

Op it mêd fan iten en drinken nimt Napels in foaroansteande posysje yn. In protte typyske Italjaanske gerechten binne út dizze stêd ôfkomstich, lykas pizza, Italjaansk iis, espresso en spagetty.

Keppeling om utens

This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.