Minnertsgea

Article on other languages:

de himrik fan Minnertsgea

Minnertsgea is in doarp yn it súdwesten fan de gemeente It Bilt. De ynwenners wurde ek wol keallepoaten neamd. It doarp, dat op it "âlde lân" leit en pas by de gemeentlike weryndieling fan 1984 by it Bilt kommen is, heart net ta it Biltske taalgebiet.

Ynhâld

Skiednis

Minnertsgea wurdt yn 1168 al neamd. Yn dy tiid stie de tsjerke der ek al, dy't nei alle gedachten likernôch 1120 boud wêze moat. De earste bewenning moat dan noch âlder wêze; oannaam wurdt dat Minnertsgea yn it jier 1000 al bestie, wierskynlik as eilân.

It doarp is dêrmei folle âlder as de oare parten fan de gemeente it Bilt. It is dan ek earst by gemeentlike weryndieling fan 1984 oan de gemeente tafoege. Foar dy tiid wie it doarp part fan Barradiel.

Yn de 19e ieu stie yn it doarp in sûkereifabryk. Op 2 desimber 1902 waard by Minnertsgea in stasjon iepene oan it NFLS-spoar fan Stiens nei Harns. De ôfkoarting fan de stasjonsnamme wie Mn, en it stasjon lei op 15 kilometer fan Stiens. Op 1 desimber 1940 waard it stasjon wer sluten.

Lizzing

Minnertsgea leit op de easterein fan de Bjirmen, net fier westlik fan Wier. Dêrmei leit it krekt súdwestlik fan de Hege Dyk, de âlde waaddyk dêr't de polders, fan de Middelsee tsjinoan lizze. It doarp leit oan de N393, dy't nei it westen nei Tsjummearum giet, en nei it noarden nei Sint Jabik. Nei it suden is it doarp fia de Minnertsgeaster Feart ferbûn mei de Rie.

Mienskip

Stfting Sosjaal Sintrum d'Ald Skoalle stiet oan de Skoallestrjitte. Der is in Aktiviteitenkommisje. Us Jûn is de soas en it pjutteboartersplak hjit de Peutersoas. Der binne twa basisskoallen: De Lytse Terp en De Wizebeam. In diel fan it Bitsk Dokumintasysintrum sit yn de bibleteek.

Ferienings

Untwikkeling ynwennertal

Ferskaat

  • It wapen fan de famylje Hermana wie de basis foar wapen en flagge.De skeraf komt fan de gemeente Barradiel en de skulpen fan It Bilt.
  • Obbe Norbruis, boargemaster fan Schoonebeek en Zuilen is berne yn Minnertsgea.

Strjitten

Almasingel, Beintenwei, Boskdykje, Colkesyl, Collot d'Escurystrjitte, D Miedemastrjitte, De Feartswâl, De Finne, De Houwen, De Kamp, De Opfeart, Ferniawei, Fjildleane, Griene Dyk, Haitsmaleane, Havenstrjitte, Hearewei, Hege Buorren, Hermanawei, Hoarnestreek, It String, Koarnbeurs, Lange Dyk, Lytse Buorren, Meinardswei, Miedleane, Moaie Peal, Moledyk, P B Winsemiusstrjitte, Rispinge, S R Faberstrjitte, S van Andlawei, Scheltingawei, Skoalstrjitte, Smelleleane, Stasjonsstrjitte, Stinzelân, Tilledyk, Tjessingawei, Tsjerkestrjitte, Tsjillen, Vikarijbuorren, W Binnemaleane.


Keppeling om utens

53° 15' NB, 5° 36' EL

This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.