Mauritsius

del.icio.us del.icio.us
Digg Digg
Furl Furl
Reddit Reddit
Rojo Rojo
Add to OnlyWire


Dit artikel is in stobbe oer geografy.
Jo wurde útnoege en foegje jo witten hjir ta.


République de Maurice
Republic of Mauritius
Flagge fan Mauritsius Wapen fan Mauritsius
Flagge Wapen
Motto: Gjin motto
Folksliet: Motherland
Lokaasje fan Mauritsius
Offisjele taal Ingelsk
Haadstêd Port Louis
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
Oerflak
% wetter

1860 km²
0,05­%
Ynwenners (2005) 1.2 miljoen
Munt Mauritiaanske rupee (MUR)
Tiidsône UTC +4
Nasjonale feestdei 23 july
Lânkoade MUS
Ynternet .mu
Tillefoan 230

Mauritsius is in eilân en lân yn Afrika, en it leit sa'n 855 km ten easten fan Madagaskar yn de Yndyske Oseaan. De haadstêd is Port Louïs.

Neist Mauritsius bestiet de Republyk Mauritsius út de eilannen St. Brandon, Rodrigues en de Agalega Eilannen. Mauritius, Rodriguez en it eilân Réunion (dat by Frankryk heart) foarmje meielkoar de Mascareignes-arsjipel, neamd nei de Portugees Don Pedro Mascarenhas, dy't as ien fan de earsten op Mauritius oan wâl kaam.

Skiednis

Der binne oanwizings dat de Arabieren rûn it jier 1000 al fan it bestean fan it eilân ôfwisten. Fêst stiet dat de Portegezen yn it begjin fan de 16e ieu op Mauritsius oan wâl kamen. Sy brûkten it eilân as tuskenstop op harren seereizen, mar festigen harren dêr net.

It eilân wie noch ûnbewenne, doe't yn 1598 foarsichtich kolonisearre waard troch de Feriene Eastyndyske Kompanjy. It eilân waard neamd nei Prins Maurits grêve fan Nassau. Pas fan 1638 ôf waard it eilân echt as haven brûkt nei de bou fan it fort Freark Hindrik.
De nederlanners bouwden dêr sûkerreid, wat noch altiten in belangryk eksportartikel fan it eilân is. Fierders brochten de Nederlanners dêr frjemde diersoarten as de geit, apen, rotten ensfh. De ynheemske dodo waard troch de Nederlanners kompleet útroege.

Om't it eilân yn 1695 troffen waard troch in swiere orkaan ferhuzen de Nederlanners harren koloanje nei de kaap. Yn 1715 waard Mauritsius kolonisearre troch de Frânsen, dy't it goed lizzen fûnen op harren rûte nei it Easten. Sy neamden it eilan Île de France.

Yn 1810 waard it troch de Ingelsen ferovere, dy't it wer 'Mauritius' neamden. By de Frede fan Parys yn 1814 waard it eilân offisjeel part fan Grut-Brittanje. Pas yn 1968 krige it eilân syn ûnôfhinklikens, alhoewol't it binnen it Britske Gemenebest bleaun is.

This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.