|
Article on other languages:
|
Hongarije (hongaarsk Magyarország) is in lân yn Midden-Jeropa. De haadstêd is Boedapest en de presidint fân de republyk is sûnt 2005 László Sólyom. Hy folge Ferenc Mádl op dy't sûnt 2000 presidint west hat.
GeografyDe Donau en de Tisza binne de grutste rivieren yn Hongarije. Yn it súdeasten fan it lân leit de Hongaarske leechflakte wêrfan de Pûsta in unyk gebiet is omdat dêr gjin beammen waakse. De Balatonmar mei in oerflak fan 592 km² is de grutste mar yn Hongarije. Hongarije wurdt begrinzge troch:
SkiednisYn it tiidrek 1867 — 1918 wie Hongarije in dûbelmonargy as Eastenryk-Hongarije. Nei it ferlies fan de Earste Wrâldkriich waard Hongarije twa-tredde lytser yn oerflak en rekke in trije-fjirde diel fan syn ynwenners kwyt. Mei help fan Nazi-Dútslân waarden Transylvaanje en Slowakije op 'e nij troch Hongarije beset. Yn 1944 wie it wis dat Nazi-Dútslân de kriich ferlieze soe en Hongarije besocht de diplomatyske relaasje mei de alliearden oan te heljen. Yn datselde jier waard Hongarije troch de Dútsers beset. Hongarije wie yn 'e tiid fan de Kâlde Kriich in eastbloklân. Yn 1991 waard Hongarije ûnôfhinklik. DemografyYn 2008 hie Hongarije 9.930.915 ynwenners, wêrfan 92 % Hongaarsk. Minderheden binne de Dútsers, Roma, Slowaken en Kroaten. GearwurkingHongarije wie fan 1955 oant 1991 stiftend lid fan it Warsjaupakt. It lân is sûnt 1955 lid fan de Feriene Naasjes, sûnt 1990 fan de Rie fan Jeropa en sûnt 1999 fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje. Yn 2004 is Hongarije lid wurden fan de Jeropeeske Uny mar it hat gjin diel oan de monetêre uny. |
|||||||||||||||||||||||||||||||||||||
This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.