Grikelân

Article on other languages:

Ελληνική Δημοκρατία
Ellinikí Dhimokratía
Flagge fan Grikelân Wapen fan Grikelân
Flagge Wapen
Motto: Ἐλευθερία ἤ Θάνατος
(Gryksk: Frijhied of dea)
Folksliet: Imnos pros tin Eleftherian
Lokaasje fan Grikelân
Offisjele taal Gryksk
Haadstêd Atene
Steatsfoarm Republyk
Gebiet
Oerflak
% wetter

131.940 km²
0,86­%
Ynwenners (2008) 10.722.816
Munt Euro (EUR)
Tiidsône UTC +2
Nasjonale feestdei 25 maart
Lânkoade GRC
Ynternet .gr
Tillefoan 30

Grikelân is in lân yn Súd-Jeropa. De haadstêd is Atene en de presidint fân de republyk is sûnt 2005 Karolos Papoulias

Ynhâld

Geografy

Grikelân leit oan de Middellânske See yn it súdeasten fan Jeropa. It fêstelân yn it noarden fan Grikelân is geografysk ferbûn mei de súdlike Balkan. It oerflak fan it hiele lân is 131.957 km² wêrfan 106.915 km² fêstelân, de 3,054 eilannen hawwe meiïnoar in oerflak fan 25.042 km².

Grikelân wurdt begrinzge troch:

Skiednis

De Wikipedy hat ek in side Alde Grikelân.

Grikelân waard ûnôfhinklik yn 1829 en waard in monargy. Op 28 oktober 1940 besochten de Italjanen it lân te feroverjen. Grikelân fersette him fûl oant de Dútsers op 6 april 1941 it lân feroveren. Yn oktober 1944 marsjearden de Britten Atene yn. Nei in militêre steatsgreep yn 1967 kaam yn 1974 in demokratyske republyk ta stân.

Demografy

It meastepart fan de befolking binne etnyske Griken. Minderheden binne de Albanezen, Turken, Bulgaren en Masedoanjers. Sa'n 25 % fan de allochtoane befolking wennet yn of om Atene hinne.

Gearwurking

Grikenlân is in stiftend lid fan de Feriene Naasjes (1945). It lân is sûnt 1949 lid fan de Rie fan Jeropa, sûnt 1952 fan de Noard-Atlantyske Ferdrachsorganisaasje en sûnt 1981 fan de Jeropeeske Uny.

This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.