DVD

Article on other languages:

del.icio.us del.icio.us
Digg Digg
Furl Furl
Reddit Reddit
Rojo Rojo
Add to OnlyWire
gewoane dûbelskiif (ûnderkant)

De DVD, yn it Ingelsk omskreaun as Digital Video/Versatile Disc, wurdt yn it Frysk ek wol dûbelskiif neamd. Om't de refleksjelaach op in dûbelskiif oars oanbrocht wurdt as op in kompaktskiif, kinne op dit stuit skiven mei maksimaal twa skriuwlagen de kant makke wurde. Op de ferzje mei fjouwer skriuwlagen kin de fabrikant in gigantysk oantal kompjûterkoaden kwyt. De skiif hat inselde grutte as de kompaktskiif.

De skriuwlaach bestiet út in spiraal, fan binnen nei bûten, fan putten (pits) en dammen (lands). By it lêzen wurdt de ljochtstriel sawol op boaiem fan de putten as op it plato fan de dammen konstant weromkeatst. Troch de sydkant fan in put wurdt it ljocht ferspraat en dan komt der dus minder werom. Sa is it ferskil tusken de nul- en de ienkoade op de skiif oanbrocht.

Hjoed de dei, 2007, hat de dûbelskiif yn Nederlân de fideobân al hast ferkrongen. Stees mear films dy't earder earst op fideo útkamen, komme no allinne mar op skiif út.


Nammejouwing op basis fan tal gigabytes:

type dûbelskiif namme
ien kant ien laach DVD-5
ien kant twa lagen DVD-9
twa kanten ien laach oan beide kanten DVD-10
twa kanten iene kant twa lagen, oare kant ien laach DVD-14
twa kanten twa lagen oan beide kanten DVD-18

Article keywords: dvd movie rental, dvd shrink, dvd player, cd confession dvd from live london tour, dvd recorder, dvd movie, new dvd release, hd dvd, portable dvd player,

This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.