|
Article on other languages: |
Op 1 novimber 1570 wurde de Nederlânske en Belgyske kust teistere troch in wettersneed, de Alderheljenfloed. Troffen stêden en doarpen binne ûnder oare Egmond, Bergen op Zoom en Saeftinghe. De Domeinried yn Bergen op Zoom hat op 1 novimber 1570 "aanmerckende dat die groote stormen van winde ghisteren begonst" oan de dykgreven fan it Súd- en Noardkertier in warskôging jûn troch "seer uytnemende hooghe vloet". In lange perioade fan stoarm swypke it wetter ta ferskuorrende hichtes, noch heger as dy by de Wettersneed fan 1953. Talleaze diken oan de Hollânske kusten bejoegen it, wêrtroch't ferskuorrende oerstreamings barden en in ôfgryslike ravaazje oanrjochte waard. It totale oantal deaden, it bûtenlân meirekkene, moat boppe de 20.000 lein hawwe, wêrfan minstens 3000 deaden yn Fryslân en Grinslân mar krekte gegevens binne net bekend. Tsientûzenen minsken waarden dakleas, feesteapel waarden ferswolge en winterfoarrieden ferneatige. De Alderheljenfloed markearret it ûntstean fan it Ferdronken Lân fan Saeftinghe, en it ferdwinen fan it eilân Bosch yn de Waadsee. De Alderheljenfloed barde op in krityk momint yn de skiednis fan de Nederlannen. De belestingherfoarmingen dy’t Alva besocht troch te fieren mislearren dertroch en de wiidfersprate ellinde ûnder de befolking ferhege de spanning yn it lân. Der wie al sûnt Oranje’s fertrek hieltiten mear ûnfrede komd oer it bewâld fan de Spaanske kening en syn lânfâd. De wettersneedramp fersterke dit noch mear. Ferdronken doarpen
Sjoch ek
Boarne
|
This article is from Wikipedia. All text is available under the terms of the GNU Free Documentation License.