17 - Kobe yn Japan wurdt troffen troch in swiere ierdbeving mei in krêft fan 7,3 op de skaal fan Richter. De stêd wurdt foar in grut part ferwoaste. Der falle 6633 deaden.
18 - Yn it suden fan Frankryk, by Vallon-Pont-d'Arc, wurde grotten ûntdutsen mei tekenings dy't 17.000 oant 20.000 jier âld binne.
30 - De Flaamske TV-stjoerder Ka2 (letter Kanaal 2 en KanaalTwa) wurdt oprjochte troch de VMMa.
febrewaris
6 - Arantxa Sanchez-Vicario lost Steffi Graf nei 87 wiken ôf as de nûmer ien op de wrâldranglist fan de proftennissters; de Spaanske moat dy posysje nei twa wiken wer ôfstean oan har Dútske kollega.
10 - Shanghai Metrolijn 1 wurdt iepene en is dêrmei de earste metroline yn in ambisjeus plan fan de gemeente Shanghai om in netwurk fan sa'n 20 metrolinen oan te lizzen binnen 40 jier tiid.
10 - Andre Agassy lost Pete Sampras nei 82 wiken ôf as nûmer ien op de wrâldranglist fan de tennisprofesjonals; de Amerikaan moat dy posysje nei tritich wiken wer ôfstean oan syn lângenoat.
21 - De hockeysters fan Kampong prolongearje de lânstitel yn de Nederlânskehaadklasse troch HGC mei 2-0 te ferslaan yn it twadde duel út de finale fan de play-offs.
25 - Súd-Afrika wint foar eigen publyk yn it Ellis Park-stadion yn Johannesburch it tredde offisjele wrâldkampioenskip rugby troch yn de finale Nij-Seelân mei 15-12 te ferslaan.
11 - Bosnysk-Servyske troepen feroverje de moslim-enklave Srebrenica yn Bosnië-Herzegovina, op dat momint befeilige troch Nederlânske FN-militêren, en pleegje genoside op 7500 mânlju en jonges.
9 - De Sony Playstation (PSX) wurdt op de merk brocht yn de F.S.
oktober
4 - O.J. Simpson wurdt troch de sjuery ûnskuldich ferklearre oan dûbele moard.
9 - De AmtrakSunset Limited ûntspoart op in brêge oer in sydrivier fan de Mississippy. De oarsaak wienen ferbûgde spoaren nei in oanfarring fan in binnenskip mei de brêge.
10 - Troch in modernisearring fan it telefoannetwurk bestean alle Nederlânske telefoannûmers fanôf dizze datum út tsien sifers.
30 - Javier Solana wurdt ûnferwacht útkeazen om de nije sekretaris-generaal fan de NAFO te wurden. Yn de Feriene Steaten stjoere 52 kongresleden in protesttelegram nei it Wite Hûs omdat Solana in pro-Castro polityk fierde tsjinoer Kuba doe't hy Spaansk minister fan bûtenlânske saken wie.
15 - It Bosman-arrest fan it Europeesk Hof fan Justysje skept nije ferhâldingen yn de fuotbalwrâld. Fuotbalprofs meie tenei, nei it ferstriken fan harren kontrakt, transferfrij fuortgean. Dit komt harren merkwearde gâns ten goede.
16 - Irakese dûkers ûnder lieding fan UNSCOM fine yn de Tigris tichtby Bagdad mear as 200 Russyske raketten en raketûnderdielen.
Article keywords: michael bolton greatest hit 1985 1995, 1995 2005 retrospective, 1984 1995 cult pure single, 1995 film motion original picture sense sensibility soundtrack, kid film 1995, 1995 honda civic, billboard top hit 1995, 15x15 1995 anna calendar nicole smith, 1995 chance demand ed gave harris movie not option” “failure,